15 januari 2026

Lunchlêzing | ‘Komt Heit hast yn?’ De opkomst fan de treddepersoansoansprekfoarm

De lêzing is yn it Frysk.

Yn Fryslân kinst ien net allinnich mei ‘do’ of ‘jo’ oansprekke, mar ek yn de tredde persoan, lykas yn ‘Mem, kin mem my helpe?’ Dat bart faak yn de famyljesfear, mar komt ek foar op de wurkflier of op skoalle, lykas in studint dy’t oan Gerbrich freget: ‘Hat Gerbrich de tentamens al neisjoen?’ Dy gewoante makket de Fryske oansprekfoarmen in nijsgjirrich ûnderwerp fan ûndersyk.

Want wêrom gjin ‘do’ of ‘jo’? Yn de lunchlêzing dy’t Gerbrich de Jong op 15 jannewaris hâldt, lit se sjen hoe’t dy oansprekfoarm brûkt waard yn de tiid fan it Midfrysk en Nijfrysk. De literêre kolleksje fan Tresoar wie foar har datasamling fan grutte betsjutting, sawol foar it Midfrysk as foar it Nijfrysk (nei 1800).

Gerbrich de Jong wurket as learare-oplieder Nederlânsk en Frysk by NHL Stenden Hogeschool en krige yn 2023 in NWO Promotiebeurs voor leraren om promoasje-ûndersyk te dwaan nei Fryske oansprekfoarmen.

Lunchlêzing

De lêzing by Tresoar begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing (in lúks broadsje* en 1 konsumpsje). De lunch stiet fan 12 oere ôf klear. De kosten foar de lunch binne € 7,50, te beteljen by it reservearjen fan in tagongsbewiis. Yn ferbân mei it yn it foar bestellen fan de lunch, is it net mooglik om op de dei sels in lunch te bestellen – dat moat foarôf.

* De broadsjes binne geskikt foar fegetariërs.

Foto: Friso Bruins.