21 mei 2026

Lunchlêzing | In fergetten roman fan in fergetten skriuwster

Dizze lêzing is yn it Frysk.

Gerda van der Wijk jout in lêzing oer in fergetten roman fan in fergetten skriuwster: it ferhaal fan freule Cecilia Johanna van Heemstra (1767-1836).

Yn 1925 ferskynt de dokumintêre roman Het Vergeten Proces. It boek is skreaun troch in skriuwster mei in frjemd pseudonym: L.E. It docht al gau bliken dat de letters steane foar Lite Engelberts (1880-1929). Se hat in tal ferhalen publisearre yn tydskriften en in pear histoaryske romans skreaun. Fierder is net folle oer har bekend. En dat is sa bleaun, want L.E. is krekt as har grutte roman oer freule Cecilia van Heemstra totaal fergetten.

It ferhaal is út de Frânske Tiid en spilet him ôf yn Fryslân, op Fogelsanghstate yn Feankleaster. Yn de twadde helte fan de 18de iuw wennet dêr Cecilia mei har dominante mem, har heit is jong ferstoarn. Mem sjocht har iennichste dochter graach trouwen mei har folle neef Willem van Sytzama fan Driezum. Cecila hat lykwols Willem van Haren troffen, grytman te Wolvegea. En mei him wol se trouwe ek al is hy 20 jier âlder as har. Lykwols har mem wegeret tastimming te jaan en Cecilia sjocht mar ien útwei: flechtsje nei Emden yn East-Fryslân. As Willem van Haren har achternei reizget, trouwe se dêr úteinlik. Yntusken docht Willem van Sytzama Cecilia in proses oan fanwege troubrek. In saak dy’t mear as tsien jier duorje sil en formeel noait ôfsletten is. Het Vergeten Proces is in bysûnder leafdesferhaal fan in Fryske freule.

Lunchlêzing

De lêzing by Tresoar begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing (in lúks broadsje* en 1 konsumpsje). De lunch stiet fan 12 oere ôf klear. De kosten foar de lunch binne € 7,50, te beteljen by it reservearjen fan in tagongsbewiis. Yn ferbân mei it in it foar bestellen fan de lunch, is it net mooglik om op de dei sels in lunch te bestellen – dat moat foarôf.

* De broadsjes binne geskikt foar fegetariërs.