27 juni 2025

Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’

Op freed 27 juny 2025 organisearret Tresoar in literêr sympoasium mei as tema Lêze is willewurk. Fan 14.30 oant 16.15 oere is der in ôfwikseljend programma mei sprekkers én muzyk.

De sprekkers op it sympoasium binne Alderik Blom, Joke Corporaal, Alex Riemersma en Joop Koopmans. Muzyk is der fan Janneke Warringa, Peter van der Zwaag, Elske Fekkes en Andrea Meijer.

Yn it programma is ek omtinken foar Jelle Krol (spesjalist Fryske Literatuer Tresoar), dy’t dit jier mei pensjoen sil.

Do bist fan herte útnûge om it sympoasium by te wenjen!

Programma
14.00 oere Ynrin mei kofje/tee
14.30 oere Start programma
16.15 oere Offisjele programma ôfrûn
16.15 – 17.15 oere Neisit

Lokaasje

Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden, Wirdumerdijk 18, Ljouwert.

Parkeargelegenheid

Komst mei de auto? Dan kinst parkeare yn Parkeergarage Zaailand.