17 oktober 2024

Lunchlêzing Goffe Jensma oer ‘De Obe fan no’

Dizze lêzing is yn it Frysk en wurdt organisearre yn gearwurking mei it Obe Postma Selskip 

De wichtichste moderne dichter fan Fryslân, Obe Postma (1867-1963), hat lang libbe. Foar in part wie er in 19 e-iuwer, foar in oar part hearde er ta de 20ste iuw. Mar hoe soe de Obe Postma fan ús tiid derút sjoen hawwe? Hoe soe er him ferhâlde ta de einleas groeiende meartaligens fan de 21ste iuw? En de komst fan de digitalisearring en fan sosjale media, dy ’t oer hieltyd gruttere ôfstannen minsken mei-inoar ferbine wolle? Soe in oeuvre as dat fan him yn ús tiid en yn ús wrâld noch kâns fan slagjen hawwe?

Oer Goffe Jensma

Goffe Theunis Jensma (09-03-1956) wurke nei syn ôfstudearjen yn 1981 jierrenlang as freelance histoarikus. Syn ûndersyk rjochte him benammen op wittenskips – en universiteitshistoaryske ûnderwerpen. Yn 1993 begûn er as ûndersykmeiwurker oan de teologyske fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins mei syn dissertaasjeprojekt oer it Oera Linda-boek. Hy liet yn ûnderskate publikaasjes sjen dat dy omstriden mystifikaasje de measte betsjutting krijt as er lêzen wurdt as in troch François HaverSchmidt betochte iroanyske allegoary op de striid tusken ortodoks en frijsinnich yn de 19de iuw.

Yn 2004 promovearre hy cum laude op de dissertaasje De gemaskerde god. François HaverSchmidt en it Oera Linda-boek en yn 2006 publisearre er in nije tekstedysje fan it boek. Jensma hie ûnderwilens yn 2001 in betrekking krigen as ûndersiker by de Fryske Akademy op it mêd fan kultuer – en literatuerskiednis. Hy skreau in grut tal boeken en artikels oer identiteit en kultuer. Besjoch biografy.

Oer Obe Postma

Obe Postma wie Frysktalich dichter, wis – en natuerkundige en histoarikus. Hy waard berne op 19 maart 1868 yn Koarnwert, as âldste fan sân bern yn in boerehúshâlding. Postma begûn om 1900 hinne mei dichtsjen. Hy keas, sa skriuwt syn biograaf Phlippus Breuker ‘foar de taal fan syn hert’: it Frysk. Lês mear oer Obe Postma yn syn biografy.

Lunchlêzing

De lêzing by Tresoar begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing (2 broadsjes en 1 konsumpsje). De lunch stiet fan 12 oere ôf klear. De kosten foar de lunch binne € 7,50, foarôf te beteljen by it reservearjen fan in tagongsbewiis. Jou by it oanmelden ek oan mei hoefolle minsken ast komst.